Pelote:Winsum wint fan Spannum

Winsum wie tongersdeitejûn te sterk foar Spannum
De twadde heale finale fan it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens gie tongersdeitejûn tusken Spannum en Winsum. De Spannumers pakten hoopfol it earste spul, mar hiene dêrnei net folle mear yn te bringen. Winsum begûn te keatsen. It gefolch wie dat Spannum gjin buordsje mear fertsjinne en mei 8-1 ferlear.
De finale fan it FK Jeu de Pelote wurdt freedtejûn om 19.30 ferkeatst en giet tusken Easterlittens en Winsum.