Twa deaden by auto-ûngelok

24 jun 2010 - 20:54

Der binne tongersdeitejûn twa deaden fallen by in auto-ûngelok op de Hendrik Algrawei tusken Goutum en de rotonde rjochting Deinum. Twa auto's botsten frontaal op elkoar.

Troch ûnbekende oarsaak bedarre de bestjoerder fan ien fan de auto's, in man út Minnertsgea(41), op de ferkearde helte fan de dyk. Hy botste frontaal op in auto mei dêryn in echtpear. Dat is dêrby ferûngelokke. De feroarsaker fan it ûngelok is swier ferwûne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)