Blau-alch yn fiver Wolvegea

24 jun 2010 - 18:11
  • Moarn wurdt by de fiver in boerd pleatst

Yn swimplasse De Vlinderslag yn Wolvegea sit blau-alch. De provinsje Fryslân hat dêrom in swimferbod ynsteld foar de fiver. De alch is ûntdutsen doe't minsken har mei klachten melden by de gemeente. Blau-algen kinne giftich wêze en in stof útskiede dy't yrritearje kin.

Swimmers dy't mei blau-alch yn oanrekking komme kinne lêst krije fan hûdyrritaasje en mage- en termklachten. Moarn wurde by de swimfiver buorden pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)