Wetterbehear wurdt oerdroegen

24 jun 2010 - 17:38

It wetterbehear yn de gemeente Menameradiel wurdt fan moandei ôf dien troch it Wetterskip Fryslân. It is de fjirde Fryske gemeente, dy't it behear oerdrage sil oan it Wetterskip. Der binne tusken de beide partijen ôfspraken makke oer it ûnderhâld fan wetter yn de gemeente.

Wetterskip Fryslân wurdt yn de takomst ferantwurdlik foar it ûnderhâlden fan de belangrykste wetters, gemalen en keardamen. Oant no ta die de gemeente dat sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)