Woodbrookers offisjeel iepene

24 jun 2010 - 16:42

It behannelsintrum foar jongerein Woodbrookers yn Koartehimmen is tongersdei offisjeel iepene. De iepening waard dien troch demisjonêr minister Rouvoet foar Jeugd en Gezin, deputearre Tineke Schokker en Elaine Jongbloed, ien fan de bewenners.

It behannelsintrum is al in heal jier iepen en is bedoeld foar jongerein tusken de tolve en achttjin jier mei psychyske- en gedrachsproblemen. Jeugdhulp Friesland is tefreden oer it earste healjier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)