Fierder ûndersyk Sweagerbosker

24 jun 2010 - 14:12
  • De rjochtbank yn Ljouwert

De rjochtbank hat tongersdeitemiddei noch gjin definitive útspraak dien tsjin in ynwenner fan Sweagerbosk. Dy waard begjin dit jier troch de plysje delsketten, doe't er op in skoalplein op It Hearrenfean mei in mes stie te swaaien. Tsjin de man wie earder dizze moanne trije jier sel en TBS easke.

De rjochter bepaalde tongersdei dat der noch te min dúdlikens is oer de psychyske tastân fan de man. Der sil earst fierder ûndersyk dien wurde nei de behannelmooglikheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)