Gjin byienkomst Minnertsgea

24 jun 2010 - 10:53
  • It hûs dêr't de deade man fûn is

Yn Minnertsgea wurdt foarearst gjin byienkomst holden foar ynwenners dy't prate wolle of fragen hawwe nei oanlieding fan in doarpsbewenner dy't fjouwer jier lang dea yn hûs lein hat. Dit wylst ek syn bruorren en susters yn deselde wenning libben. Dat hat de gemeente It Bilt yn oerlis mei doarpsbelang Minnertsgea besletten.

Mocht der fanút it doarp dochs in soad ferlet wêze fan in byienkomst, dan sil dy der dochs noch komme, sa lit in wurdfierder witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)