Enkête foar winsken jongerein

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwerteradiel en de Stichting Welzijn Middelsee wolle mei in ynternetenkête te witten komme wat jongerein yn de gemeente wol. Gemeente en jongereinwurk brûke de útkomsten fan de enkête om derfoar te soargjen dat it jongereinwurk better oanslút op wat de jongerein wol.
It giet dan om saken as ekstra iepeningsjûnen fan in jongereinhonk, foarljochting oer drugsgebrûk, loverboys en sûpketen.