Jorritsma net nei Amsterdam

Annemarie Jorritsma
Annemarie Jorritsma wurdt net de nije boargemaster fan Amsterdam. De Friezinne om utens wie de favoryt fan de sollisitaasjekommisje, mar de gemeenteried fan Amsterdam keas foar Eberhard van der Laan.
De kar foar Jorritsma wie opfallend, omdat Amsterdam al sûnt 1946 in sosjaal-demokratyske boargemaster hat. Boppedat wie der noait earder in frou boargemaster fan Amsterdam. De ried keas lykwols foar âld-minister Van der Laan.