Lieuwe Westra tredde op NK

23 jun 2010 - 21:42

Lieuwe Westra is woansdeitejûn yn Oudenbosch tredde wurden by it Nederlânsk kampioenskip tiidriden. De hurdfytser fan De Tynje moast yn Noard-Brabân Jos van Emden en Koos Moerenhout, beide fan de Rabobank-ploech, nei krapoan 50 kilometer foargean litte.

It ferskil tusken Van Emden en Westra wie 53 sekonden. Tusken Moerenhout, de kampioen op de dyk fan 2009, en Westra siet mar goed trije sekonden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)