Achlum ûnder de jarre

23 jun 2010 - 17:13

In stikkene jarretank fan leanbedriuw Westra hat in part fan Achlum woansdei ûnder in dikke laach jarre set. Troch in mankemint oan de tank gie in klep op it ferkearde momint iepen. Krekt foardat de trekker it doarp yn ried. Yn twa minuten waard fiif kúb jarre loasd en sieten dyk, wenten, bushokjes en auto's yn it doarp ûnder in dikke laach jarre.

Mei man en macht hawwe meiwurkers fan Westra en in skjinmakbedriuw oeren dwaande west om alles skjin te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)