KNKB ferfart nei H'fean

23 jun 2010 - 15:14

Fan alles kamen se tsjin; âlde laptops, trainingspakken en keatsballen. In soad âld guod ha se fuortsmiten. Om op It Hearrenfean wer mei in nije start te begjinnen. It bûnsburo fan it Keninklik Nederlânsk Keatsbûn KNKB is woansdei oan it ferhuzjen fan keatsbolwurk Frjentsjer nei It Hearrenfean. Fan PC-stêd nei sportstêd.

Tongersdei hopet it bûnsburo wer on-line en berikber te wêzen op de nije lokaasje op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)