Heida ferlit Hearrenfean

23 jun 2010 - 13:19

Joop Heida ferlit nei 16 jier Sportklup Hearrenfean. De teammanager hat in konflikt mei de hjoeddeistige direksje. Heida is noch wol yn oerlis mei de klup, mar de kâns is grut dat hy de klup ferlit. Herman van Dijk sil foarearst de funksje fan teammanager ynfulle.

Ek haadskout Bert Pijffers wurket fan 1 augustus ôf net mear foar Hearrenfean. Hy wurdt dosint Nederlânsk. Hans de Jong wurdt taheakke oan it skoutingsteam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)