Minnertsgea: skrokken reaksjes

23 jun 2010 - 12:42
  • De man waard yn dit hûs dea oantroffen

Yn Minnertsgea binne se bot skrokken fan de fynst fan in deade man yn de Winsemiusstrjitte. Fral omdat de man al fjouwer jier lang dea op bêd lei. Ek de buorlju fan 'e man hawwe yn dy fjouwer jier neat fernaam. En ek de wenningboustifting wist fan neat.

Sterker noch: Sels de broers en susters fan de man, dy't yn itselde hûs wennen, hawwe al dy tiid neat yn de gaten hân. Moandei waard de man dea op bêd fûn. De buorlju hiene gjin of amper kontakt mei de famylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)