Heakkekrusen yn Herema State

Heakkekrusen op in beam yn it Jouster park Herema State
De gemeente Skarsterlân lit de plysje faker kontrolearje yn it park Herema State op 'e Jouwer. De gemeente docht dat omdat der faak saken fernield wurde. Sa waarden de ôfrûne tiid heakkekrusen yn beammen snien en bankjes yn brân stutsen. Ek waard der in soad rotsoai yn it park achterlitten.
De plysje hat in groep jongeren dy't in soad yn it park omhinget oansprutsen. Dat hat al foar minder oerlêst soarge.