Amexco Logistics is fallyt

23 jun 2010 - 11:12

Ynternasjonaal transportbedriuw Amexco Logistics út Drachten is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje tolve minsken, dy't benammen op Switserlân ride. Se dogge dat mei tsien frachtauto's. It bedriuw is fallyt gien fanwege it weromrinnen fan de opdrachten en sykte.

De eigner fan it bedriuw wol graach in trochstart meitsje. Neffens de kurator sil dat dan mei de helte fan it personiel en de auto's wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)