Glêshannel Van Reenen fallyt

It gebou fan glêshannel fan Reenen yn Drachten
De rjochtbank hat glêshannel Van Reenen út Drachten fallyt ferklearre. By it bedriuw, dat benammen oan boubedriuwen leveret, wurkje fiif minsken. Mooglik kinne dy oan it wurk by twa oare ûnderdielen fan Van Reenen dy't net fallyt binne. De kurator hopet dêr de kommende dagen mear dúdlikens oer te krijen.
De glêshannel fan Van Reenen is fallyt gien troch sykte by de direksje en it bestellen fan in partij glês dy't net oan de Nederlânske noarm foldocht.