Seksje op lichem frou Dokkum

23 jun 2010 - 09:41
  • De plysje giet woansdei fierder mei it ûndersyk

Der wurdt woansdei seksje dien op it lichem fan Suzanne Monsma (24) út Dokkum. De frou waard moandeitejûn dea fûn yn in park yn Dokkum. Se wie sneintenacht net thús kaam en troch har famylje as fermist opjûn.

In man (24) út Dokkum is fertochte yn de saak. Hy soe in relaasje hân ha mei Suzanne. Der sitte 15 resjersjeurs op de saak. Dy ha tiisdei de hiele dei buertûndersyk dien yn de omjouwing fan it park dêr't se fûn is. Dêrneist hat in helikopter opnames makke fan it park.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)