Mear aktiviteiten op It Fean

22 jun 2010 - 21:23

De gemeente Hearrenfean en de ûndernimmers sille mear gearwurkje om Hearrenfean better te promoatsjen. Der komme in oantal grutte aktiviteiten yn it sintrum. Dy wurde betelle mei jild fan reklamebelesting. Bedriuwen yn it sintrum dy't reklame meitsje, krije ynkoarten in oanslach yn de bus.

Jierliks komt dat op sa'n 400 euro del. Dat smyt de gemeente 180.000 euro op. Der wie in soad ferset tsjin de belesting, mar yntusken binne de measte ûndernimmers foar de belesting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)