Swimbad Bûtenpost net ticht

Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost giet foarlopich noch net ticht
Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost giet foarlopich net ticht. Earder like it dêr wol op. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen makke tiisdei bekend dat it it iepenhâlden fan it swimbad finansjeel ûnferantwurde fynt.
Neffens de direkteur fan it swimbad komt der lykwols earst noch in ûndersyk nei de mooglikheden fan it swimbad. It giet dan om renovaasje, nijbou of sluting. Dat ûndersyk begjint nei de simmer.