'Saailân moat grien wurde'

Earder hie in keunstner 'aaien' op it plein delset (foto: Omrop Fryslân)
It nije Saailân yn Ljouwert moat in plein wurde mei in protte romte, grien en terrassen. Dat fine de measten fan de 1075 dielnimmers oan in publyksenkête. It posityfst waard oardield oer it model 'tapijt' fanwege de rêstige útstrieling.
De measte enketearden kamen út Ljouwert. Ljouwerters en net-Ljouwerters ferskille amper fan miening. Letter dit jier beslút de gemeenteried oer de ynrjochting fan it plein yn it sintrum fan Ljouwert.