'Tiid foar nije ynformateur'

22 jun 2010 - 17:07

In nije PvdA-ynformateur moat oan 'e slach mei it nije kabinet. Dat fynt foarsitter Bertus Mulder fan 'e PvdA Fryslân. In pears-plus-koalysje fan VVD, PvdA, D66 en GrienLinks is foarearst fan 'e baan, sa die tiisdei bliken. VVD-lieder Rutte wol it net.

In koalysje tusken VVD, PVV en CDA is ek al op neat útrûn. De tredde fariant is in koalysje fan VVD, PvdA en CDA, mar dêr sjocht de PvdA neat yn. Ynformateur Rosenthal dy't no dwaande is mei petearen, is fan 'e VVD.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)