Mooglik nije brânwachtkazerne

22 jun 2010 - 15:22

By Bûtenpost komt mooglik in nije brânwachtkazerne. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 'e gemeente Achtkarspelen wol ûndersykje oft dat kin. De kazerne soe komme moatte op of by it miljeuterrein fan Lutkepost. Der soe ek ien gemeentlik wurkplak komme moatte yn kombinaasje mei in brânwachtkazerne.

De gemeente Achtkarspelen hat no twa wurkplakken, saneamde gemeentewerven, en trije brânwachtkazernes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)