Hûs fertochte trochsocht

22 jun 2010 - 12:24

De plysje is noch hieltyd drok dwaande mei it ûndersyk nei de dea fan in 24-jierrige frou út Dokkum. It giet om Suzanne Monsma. Har lichem waard moandeitejûn fûn yn in park. Se is troch geweld om it libben kaam. It slachtoffer wie sneintenacht net thúskaam. Se is moandei troch har famylje as fermist opjûn. As fertochte is in 24-jierrige Dokkumer oppakt. De plysje hat syn hûs al trochsocht. Wat syn relaasje mei it slachtoffer is, is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)