Wer mear leden Alvestêdetocht

22 jun 2010 - 11:58

De Alvestêdetochtferiening hat der dit jier wer goed tûzen nije leden by. Ferline jier melden har ek al 1400 nijelingen. De feriening hat no goed 31.000 leden op papier. De nije oanmeldings hawwe te krijen mei it winterwaar. Minsken krije dan wer mear de smaak te pakken. Mar ek de mooglikheid om op ynternet yn te skriuwen, soarget foar mear nije leden.

De ynskriuwtermyn foar nije leden fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden is op 31 maaie sletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)