Plysje siket messestekker

22 jun 2010 - 10:06

De plysje hat ôfrûne nacht in man (25) út Burgum socht dy't in plakgenoat (28) mei in mes stutsen hawwe soe. De twa hiene rûzje yn in hûs oan de Prins Bernhardstrjitte yn Drachten. De fertochte stuts dêrby nei alle gedachten mei in lyts mes. Hy soe ek in fjoerwapen by him hawwe.

De rûzje gong bûtendoar fierder en de fertochte naaide út. It slachtoffer îs lichtferwûne rekke. De plysje hat noch socht nei de fertochte, mar net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)