Deade frou fûn yn park Dokkum

22 jun 2010 - 03:07

Yn it Tolhúspark yn Dokkum hat de plysje moandeitejûn it deade lichem fan in jonge frou út Dokkum fûn. It giet om de 24-jierrige Suzanne Monsma. Se wie dy moarns as fermist opjûn. In famyljelid seach letter by it park de fyts fan de frou en warskôge de plysje.

Nei ûndersyk waard it lichem fan de frou fûn. In 24-jierrige man út Dokkum is letter deselde jûns oanholden op fertinking fan mooglike belutsenheid by de dea fan de frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)