'Omtinkerij' lanlike primeur

21 jun 2010 - 22:31

Minsken yn Tytsjerksteradiel dy't om help ferlegen sitte krije it in stik makliker. De gemeente hat in lanlike primeur mei it projekt 'omtinkerij' dat moandei út ein set is.

Alle bewenners fan de gemeente kinne no mei al har fragen terjochte by ien fan de tsien omtinkers. Dit binne meiwurkers fan tsien helpferlieningsorganisaasjes dy't yn de gemeente wurkje, mar om bar berikber binne fia de omtinkerstillefoan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)