Neisleep hynstedrama Marrum

21 jun 2010 - 21:47

Sûnt it hynstedrama by Marrum yn novimber 2006 hawwe pachters fan bûtendyks lân alle kearen as de kwelder ûnderstrûpt wat út te lizzen.

Benaud foar klachten, fûle reaksjes op ynternetfoarums en krantefoto's fan fee dat yn it wetter stiet, hat pachter Tjalling de Jong fan Blije ôfrûne wykein in part fan syn hynders nei in hegerlizzend plak brocht. En dat wylst dêr perfoarst gjin oanlieding foar wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)