Opknapbeurt Biltdyk

De gemeente It Bilt wol de Atteswei tusken Aldebiltsyl en Froubuert opknappe en der in apart fytspaad neist oanlizze. Oer de dyk wurdt al lang praat, mar no't ek de provinsje meibetellet wol ferkearswethâlder Haarsma trochpakke. It plan dat in lyts heal miljoen euro kostet, wurdt op 8 july yn de ried bepraat.
Doel is om dit jier noch mei it wurk te begjinnen. As de Atteswei klear is, wurdt de maksimumsnelheid ferlege fan 80 nei 60 kilometer yn de oere.