Muskusrotklemmen stellen

Unbekenden hawwe snein 32 muskusrot-klemmen yn de Grutte Feanpolder by Eastersee stellen. Earder dit jier binne ek al fyftjin fûken stellen. Wetterskip Fryslân giet lykwols troch mei it ôfmeitsjen fan de bisten. Muskusrotten feroarsaakje in soad skea oan de kaden fan Fryslân.
It Wetterskip is wol súksesfol yn de bestriding fan de rotten. Yn 2008 waarden der noch 28.000 fongen, ferline jier wiene it 24.000.