Itensiedersboek foar Flylân

It museum bestiet 50 jier (argyffoto)
Op Flylân ferskynt dizze wike in itensiedersboek mei resepten fan en troch eilanners. It boek ferskynt yn it ramt fan it 50-jierrich bestean fan it museum Tromp's Huys.
It boek bestiet út resepten, foto's, tekeningen en ferhalen. Kommende tongersdei wurdt it boek oanbean oan alle minsken dy't in bydrage levere hawwe oan it jubileumboek. Typysk Flylanner iten is bygelyks kissebillen, duunknien mei boarekoal en potjekoek.