Pieter Weening net nei Tour

Pieter Weening is slim teloarsteld
Pieter Weening giet definityf net nei de Tour de France. Hy is dêr bot teloarsteld oer, want no't de klimmer Laurens ten Dam net mei kin, hie it logysk west dat Pieter Weening as klimmer mei gean soe. Foar Ten Dam giet no Bram Tankink mei nei de Ronde fan Frankryk.
Weening hat ferline wike noch prima presteard yn de Ster Elektrotoer, hy waard dêr fyfde. Earder dit jier einige Weening as 24e yn de Ronde van Italië.