Hierbonus docht fertuten

21 jun 2010 - 17:02

De hierbonus dy't wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland beskikber stelt oan minsken dy't in hierder oanmelde, docht fertuten. De leechstân dêr't de korporaasje foaral oan de Waadkust mei te krijen hat, is foar in grut part oplost.

Noch oant 1 july krije minsken 250 euro as se in hierder oanmelde foar in wenning dy't dreech te ferhieren is. De nije hierder krijt itselde bedrach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)