Ikeprosesjerûp bestriden

21 jun 2010 - 16:09

Moandei is it bestriden fan de ikeprosesjerûp úteinset yn Sonnegea en De Hoeve. De hierkes fan de rûp soargje foar jûkte en hûdklachten. Mei in sûger wurde de nêsten fan de ikeprosesjerûpen ferwidere. Ferline wike waarden der njoggen ûntdutsen yn Sonnegea en moandei ien op De Hoeve.

Neist it opsûgjen wurde ek biologyske bestridingsmiddels ynset, lykas de slûpwespen. En mei lokkasten wurde mantsjeflinters fongen. Dêrmei kinne foarsizzings dien wurde oer takom jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)