Tsjerke lit âlde fynsten sjen

21 jun 2010 - 11:35

Yn de tsjerke fan Nijeholtpea wurde moandei fynsten presintearre út de earste faze fan de restauraasje. By de restauraasje is oan it ljocht kaam dat de tsjerke foarhinne hielendal fan hout west hat. Dêrfan binne noch dúdlike oanwizings te finen.

Fierder binne by de restauraasje twa grêfstiennen fan in adellike famylje weromfûn. Oant no ta wie ûnbekend wêr't dy stiennen bleaun wiene. De útstalling fan de fynsten is fan tolven oant healwei trijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)