Liudger predikaat Technasium

CSG Liudger yn Drachten hat as earste Fryske skoalle it predikaat Technasium krigen. It Liudger wurket gear mei seis oare Fryske skoallen dy't ek it predikaat oanfrege hawwe.
Yn it technasium is in soad oandacht foar technyk, der binne spesjale projektopdrachten dy't yn it ferlingde lizze fan bêta en technyske beroppen fan havo/vwo ûnderwiis. Learlingen kinne sels kieze foar les op it technasium.