Fjouwer laptops stellen

21 jun 2010 - 10:12

Dit wykein binne fjouwer laptops stellen by trije ynbraken. Twa waarden stellen by in wenningynbraak oan it Zetveld op It Hearrenfean. De ynbrekker wie der fia in rút ynkaam.

Ek yn Ljouwert is sa in laptop stellen, by in wenningynbraak oan de Chopinstraat. De oare laptop waard stellen út in brêgewippershúske. In tsjûge dy't neist it húske lei te sliepen seach noch in auto fuortriden. Hy warskôge de plysje mar dy ferlear him nei in achterfolging út it sicht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)