Koperdieven oanholden
Yn Snits binne twa mannen oanhâlden om't se yn in slooppân oan de Westersingel omrûnen. It pân is mei stekken ôfsletten en it is ferbean om dêr yn te gean. De beide Snitsers ferklearren dat se op syk wiene nei koper.
De plysje hat de mannen bekeurings jûn om't se op ferbean terrein wiene en gjin legitimaasje by har hiene.