Galema net nei Earste Keamer

Deputearre Sjoerd Galema
Tusken deputearre Galema en de Earste Keamer komt gjin petear oer de weryndieling yn de Súdwesthoeke. De deputearre hie it petear oanfrege omdat yn de Earste Keamer krityske lûden te hearren binne oer de weryndieling.
De Earste Keamer hat de deputearre witte litten net yngean te wollen op it fersyk, mar dat it Galema wol frij stiet sels keamerleden te benaderjen. De Earste Keamer praat begjin july oer de weryndieling yn de Súdwesthoeke.