Scooter stellen út kluphûs
Yn de nacht fan sneon op snein is der ynbrutsen yn in kluphûs oan de Luxemburg yn Jobbegea.
De dieven kamen deryn fia in rút. Se namen bier en frisdrank mei út de kuolkast en hawwe ek in scooter stellen. Dy scooter waard letter weromfûn yn de feart yn it doarp.