Man besiket auto te stellen

21 jun 2010 - 09:40

In 30-jierrige man út Kampen is sneintemiddei trappearre by it ynbrekken yn in auto yn Ljouwert. In tsjûge seach de man op it terrein fan in autobedriuw oan de doarren fan auto's rommeljen. Hy warskôge de plysje, doe't dy oankaam siet de man yn de auto en wie hy dwaande mei triedsjes.

Der is proses ferbaal tsjin de man opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)