Adrespealtsjes foar Slappeterp
Bewenners yn it bûtengebiet by Slappeterp kinne dochs reflektearjende adrespealtsjes by har hûs krije. Doarpsbelang hat besletten dat no sels te dwaan nei't de gemeente der net oan woe. Neffens de gemeente binne dy dúdlikere húsnûmerbuordsjes net nedich om't in protte minsken tsjintwurdich navigaasjesystemen brûke. Dat jildt ek foar de helptsjinsten.
Neffens doarpsbelang is dy navigaasje hielendal net sa sekuer en giet it faak ferkeard.