Winst partoer Van der Leest

Taeke Triemstra (foto: Henk Bootsma)
It partoer Marten van der Leest, Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra hat de frije formaasjepartij yn Sint Jabik wûn. Sy wûnen de finale op 5-2 en 6-6 fan it partoer Chris Wassenaar, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra. De partij waard beslist doe't Chris Wassenaar it perk miste.
De tredde priis wie foar Gert-Anne vd Bos, Folkert vd Wei en Daniël Iseger. It waard in memorabele oerwinning foar Taeke Triemstra. Hy wûn noch nea in earste priis yn syn eigen wenplak.