Tefreden oer Alvemarrebarren

20 jun 2010 - 15:36

De organisaasje fan it Alve Marre-evenimint it ôfrûne wykein is tefreden mei de hast trijetûzen dielnimmers oan dizze edysje. It doel wie tsientûzen dielnimmers, mar it tal ynskriuwings yn 't foar foel al bot ôf. Dat der nettsjinsteande it minne waar dochs noch safolle minsken meidien ha, falt de organisaasje ta.

Der wiene ûnder mear 25 tochten útset foar bygelyks fytsers, kuierders en wettersporters. Foaral de wettersporters hiene it dreech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)