Steigenga de bêste yn Oerterp

Sierd Steigenga
Hurdfytser Sierd Steigenga fan Eksmoarre hat sneontejûn de Ronde fan Oerterp op syn namme skreaun. De Sinees Li Cheng sprong inkele omlopen foar de ein út it peleton fan njoggentjin fytsers. Steigenga wie de iennige dy't by de Sinees komme koe.
Troch in falpartij yn it peleton twa omlopen foar de finish koene de twa foar bliuwe. Steigenga wûn hiel maklik de sprint fan Li Long út de Skil-Shimano-ploech. Der kamen 70 fytsers oan de start yn Oerterp.