Nij fytspaad Heech en Aldegea

It oanlizzen fan in fytspaad tusken Aldegea en Heech kin noch dit jier begjinne, as de gemeenteried dizze moanne 1,2 miljoen euro beskikber stelt.
De bewenners fan de Rigedyk en Lytshuzen freegje al in skoft om in feilige ferbining foar de bern dy't op de fyts nei Aldegea en Heech moatte. Yn novimber hat de ried al tastimming jûn foar in ûndersyk nei in fytspaad. In ûndersyksburo hat yntusken útsocht wat it bêste plak is foar it fytspaad.