Lêste dei Oerol

20 jun 2010 - 09:49
  • Net altyd goed waar op Oerol

Op Skylge is snein de lêste dei fan it Oerolfestival. Tradisjoneel is der dan jûns muzyk op it Griene Strân. Dêr binne optredens fan ûnder oare Wende Snijders en de band Postman.

It festival hat sneon te lijen hân fan it waar. Jûns moast in tal optredens ôfsein wurde. It Oerolfestival wurdt hâlden sûnt 1982, 2010 wie neffens Joop Mulder de kâldste edysje oant no ta. Yn de regel komme der sa'n 50.000 minsken op ôf. Hoefolle dat dit jier west ha, wurdt letter bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)