Froulju Ie winne NK keatsen

Gérieke de Groot foel út mei in rêchblessuere (foto: Henk Bootsma)
Op it NK keatsen foar froulju yn Holwert is Ie de nije Nederlânsk kampioen wurden. Froukje Wolters, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken wiene yn de finale mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Sint Anne.
By Sint Anne foel Gérieke de Groot yn de finale út mei in rêchblessuere. Rita de Valk en Lisette Wagenaar fûnen yn Esther Wagenaar in ferfanger. De Biltse froulju koene it tij lykwols net mear keare.