Plan foar noardlike OV-chip

De OV-chipkaart wurdt ein dit jier ek yn it Noarden ynfierd
Der moat in spesjaal iepenbier ferfiersabonnemint komme foar it Noarden. Dat wolle de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Mei dat abonnemint soe it goedkeaper wurde om fan Ljouwert nei Grins te reizgjen.
It abonnemint is in inisjatyf fan 'e Grinzer deputearre Marc Jager. Hy hat oerlis hân mei syn kollega's en hat ek al om tafel west mei Arriva. Dy soe it wol sitten sjen, mar oft de oare ferfiersbedriuwen meidwaan wolle is noch net bekend.